De minima net nei it minimum
Zaterdag 04 februari 2012 16:05
De minima net nei it minimum
By Sosjale Saken moat er besunige wurde. De fraach is hoe en wêrop? Us tsjinst Sosjale Saken hie in taakstelling om 10% te besunigjen. Der is nei de bedriuwsfiering sjoen, der foel noch wat te besparjen. Fierder wie der net folle rûmte, útsein op twa terreinen: minimaregelingen en WMO. Op de WMO dogge we in foarse besuniging fan 100.000 euro. Dat is in grut risiko, want mochten der aanst ferbouwingskosten bij wente- aanpassingen komme dan kin 25.000 euro wolris net tarikkend wêze. Der binne trije regelingen foar de minima: de langduorrigenstaslach, de ‘Meedoen’-regeling en oanfoljende fersekering Frieso. It foarstel is om op alle trije regelingen te besunigjen. De “Meedoen aan de samenleving”regeling is bedoeld foar gesinnen dy’t it finansjeel dreech ha. De fraksje soe it spitich fine dat dêr in finansjele beheining foar harren leit om mei te dwaan oan sport en culturele actviteiten. De tsjinst stelt foar om de bydrage foar gesinnen te skrassen mei hûndert euro. Foar de bern bliuwt de bijdrage fan 75 euro wol bestean. De tsjinst stelt ek foar om de langduorrigenstaslach te skrassen. Dy jildt foar minsken dy’t lange- re tiid(5jier) fan it minimum rûn komme moatte. De taslach dêrop wie 38% en wurdt no werombrocht ta 25%. Us fraksje wol derfoar pleitsje dat de”Meedoen aan de samenleving”-regeling net de foarstelde koarting fan100 euro foar elk gesin krijget en dat de langduorrigenstaslach ek op it nivo bliuwt fan 38%.


